Nije spitkeet yn Jobbegea

© Omrop Fryslân
Yn Jobbegea komt in nije spitkeet. Septimber ferline jier baarnde de edukative hut folslein ôf. Wa't de brân oanstutsen hat, is noch no net bekend. Frijwilligers fan de Feriening It Skoalleboskje wolle ein april de nije hut klear ha. Lânskipsbehear Fryslân en Steatsboskbehear helpe harren dêrby.
De spitkeet is makke fan tûken. Hy wurdt brûkt om bern les te jaan oer de natuer en de histoarje fan 'e streek.