'Grafyske merk te lyts'

© Omrop Fryslân
Der binne noch altyd te folle bedriuwen aktyf yn de Fryske grafyske yndustry. Dat seit foarsitter Bouke_Hoekstra fan brânzje-organisaasje KVGO dêr't ûnder oaren de drukkerijen ûnder falle.
In pear jier ferlyn binne inkelde grutte bedriuwen fallyt gien, mar neffens Hoekstra is de merk eins noch altyd wat te lyts foar it tal bedriuwen dat op it stuit aktyf is.