Snitser boek oer oarlochsbern

08 jan 2007 - 14:10

Alle basisskoallen yn Snits krije dizze wike in eksimplaar fan it boek Theesurrogaat voor Sneek. Dit boek beskriuwt de skiednis fan Joadske bern dy't yn de Twadde_Wrâldoarloch yn Snits telâne kommen wiene.

It is eins in boek foar folwoeksenen, mar it kin goed brûkt wurde om mear fan de Snitser skiednis te witten te kommen. Boppedat kin mei help fan it boek nei de situaasje fan hjoeddedei sjoen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)