KNKB ferliest lytse ferienings

© Omrop Fryslân
Keatsferienings Foarút fan Tsjalbert en De_Hurde_Hân fan De_Jouwer hawwe mei it nije jier har lidmaatskip fan it keatsbûn opsein troch strangere regels. Lykas De_Hurde_Hân betanket it 107-jierrige Foarút benammen fanwege it ferplicht organisearjen fan in wedstriid. Neffens de ferienings is der foar lytse ferienings gjin plak mear by de KNKB. It bûn woe Foarút bygelyks net temjitte komme mei in alternatyf.