'Keatsbûn moat groeie'

08 jan 2007 - 09:57

It keatsbûn KNKB moat groeie fan 15.000 nei 20.000 leden ta. Dat sei foarsitter Theunis_Piersma ôfrûne sneon by de nijjiersresepsje fan it keatsbûn yn Frjentsjer.

Piersma wol dat de keatsferienings de jeugd besykje fêst te hâlden, wylst der ek noch in soad nije leden te winnen binne by de senioaren. Dêrneist moat der ek op mear plakken yn Fryslân jeu_de_pelote spile wurde. Ek it muorrekeatsen is in goed alternatyf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)