Soad swimtitels foar DZ&PC

© Omrop Fryslân
By de Fryske Winterswimkampioenskippen hat DZ&PC 12 fan de 18 algemiene titels wûn. Arjen_van_der_Meulen koe him trije kear ta kampioen kroane litte. Twa titels wiene der foar Jaap_van_der_Vegte, Jurjen_Smits, Margreet_Zwanenburg en Esther_de_Boer. De lêste waard swimkeninginne op de 100 frij.
HZ&PC wûn trije titels. Dennis_Mooy fan dy feriening wûn by de manlju it keningsnûmer 100 frij.