Sven Kramer op dreef yn Collalbo
Reedrider Sven_Kramer hat, in wike foar de EK allround, oantoand dat er noch altiten goed yn foarm is. Yn it Italiaanske Collalbo ride er op de trije kilometer in tiid dy't mar krekt boppe it wrâldrekord op bûtenbanen leit.
Kramer sette in tiid del fan 3.45,84. Dat is minder as in sekonde boppe it wrâldrekord fan de Noar Ervik. De tiid wie wol goed foar in baanrekord.