Súkses foar Fryske maratonriders

07 jan 2007 - 15:03

De Fryske maratonriders wiene snein súksesfol op it NK maratonreedriden yn Amsterdam. Njonken de titel foar Elma_de_Vries, by de froulju, wie der by de B-riders ek in Fries dy't mei de titel oan de haal gie. Peter_Nauta fan Boalsert wûn yn dy kategory.

By de A-riders waard Arjan_Stroetinga twadde. Yn de einsprint moast er it ôflizze tsjin Ingmar_Berga, mar wist er favoryt Jan_Maarten_Heideman wol foar te bliuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)