Teatskehûs bliuwt 'iepen'

Aldere ynwenners fan Wymbritseradiel binne ek yn de takomst wolkom yn it Teatskehûs yn Blauhûs - ek as se dêr net wenje. Se kinne dêr komme om gesellich by-inoar te sitten en wat te dwaan, mar ek om mei-inoar te iten.
It fersoargingshûs wurdt hast sloopt. It moat plakmeitsje foar in nij soarchsintrum. Yn it âlde Teatskehûs koene minsken dy't der net wennen ek al ite of rekreearje. De gemeente wol dat yn de takomst sa hâlde.