Aris yn lêste sekonde ûnderút

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris hawwe sneon op sneue wize ferlern fan Amsterdam. De Ljouwerters stienen eins de hiele wedstriid op foarsprong. Mar troch in bjusterbaarlike trijepunter fan Amsterdam krekt op it einsinjaal ferlearen de manlju fan coach André_Roorda dochs noch mei ien punt ferskil: 85-84.
Aris stiet no op it achtste plak mei 16 punten. Dat is noch hieltyd goed genôch om de play-offs te heljen.