Yllegaal pokerjen giet troch

De yllegale pokertoernoaien yn Fryslân gean gewoan troch, nettsjinsteande eardere klachten fan Holland_Casino. Dy fynt dat gemeente it yllegale pokerjen hurder oanpakke moatte.
It spultsje wurdt lykwols hieltyd populêrder en de pokersetsjes binne net oan te slepen. En dy sets wurde net allinnich brûkt foar in potsje poker thús. It bart ek op in tal geheime toernoaien yn de provinsje, dêr't om jildbedragen spile wurdt.