Man beknypt ûnder shovel
In 38-jierrige man út Hjerbeam is freed beknypt rekke ûnder in miny-shovel. Hy wie op de shovel oan it wurk yn in boereskuorre. Dêrby foel de shovel om en de bestjoerder kaam klem te sitten.
De plysje hat it slachtoffer út syn benaude posysje befrijd. De man is mei ferwûnings nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. De traumahelikopter dy't ek optrommele waard, hoegde net yn aksje te kommen.