Emigraasje Friezen nei Dútslân

© Omrop Fryslân
Tsientallen Friezen ha de ôfrûne tiid in hûs yn Dútslân kocht. De huzen kostje dêr rûchwei de helte fan wat der yn Fryslân foar betelle wurdt.
Om't it rjocht op ôflûken fan de hypoteekrinte bliuwt, is it foar in_protte minsken in nijsgjirrige opsje. Mar by Miedema_Hypotheken yn Ljouwert bin de earste keapers mei spyt ek al sinjalearre. Want it bliuwt wol in emigraasje, mei alles der op en der oan, sa seit Eric_Miedema.