Utgeanslibben Balk moat feiliger

© Omrop Fryslân
It útgeanslibben yn Balk moat feiliger wurde. Dêrom wolle gemeente, plysje en hoareka maatregels nimme tsjin ûnder oare de oerlêst fan stappers op strjitte. Se ha dêrfoar allegear in hanteken set ûnder de 'Kwaliteitsmeter_Veilig_Uitgaan'.
Oanlieding is de slimme mishanneling, ôfrûne simmer, fan in man yn in sintrum fan Balk. Trije wiken lyn wie it ek noch raak: doe waard in man (26) út Drylts yninoar slein.