Plysjeman mishannele yn Bakhuzen

06 jan 2007 - 12:19

Yn Bakhuzen is freed in 26-jierrige man oppakt. Hy wurdt fertocht fan mishanneling fan in plysjeman. Nijjiersnacht moast de plysje yn it doarp optrede mei de wapenstôk.

Oanlieding wie dat dronken jonges it de plysje ûnmooglik makken rotsoai yn it sintrum op te rêden. De fertochte hie de plysjeman by de sjarzjes achterneisitten en him in traap jûn. Dêrby rekke de plysje ferwûne oan de knibbel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)