Kraan klapt tsjin akwadukt

05 jan 2007 - 20:54

In ûngemak wêrby't in kraan tsjin it akwadukt fan Grou ried, hat freed foar grutte problemen soarge yn 'e spits. Op de A32 tusken It Hearrenfean en Ljouwert koe goed oardel oere lang mar ien rydbaan brûkt wurde. Dêrtroch ûntstie in lange file.

Ek botsten inkelde auto's achter de kraan opelkoar omdat de bestjoerders skrokken fan it ûngemak. Hoe grut de skea oan it akwadukt krekt is, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)