Aksje nedich foar Fraschlönj

De provinsje Fryslân moat yn aksje komme foar it behâld fan de regio Noard-Fryslân yn Dútslân. Dat sei foarsitter Sybren Posthumus fan Eftrije freed op it nijjierssûpke fan dy organisaasje.
Noard-Fryslân driget as selsstannige regio te ferdwinen omdat Sleeswijk- Holstein, dêr't de regio ûnder falt, ferkate regio's fusearje wol. Neffens Posthumus soe dermei de Noard-Fryske taal en kultuer yn gefaar komme.