Nijbou provinsjehûs falt goed

05 jan 2007 - 16:00

De wolstânskommisje Hûs_en_Hiem is reedlik posityf oer it oanpaste ûntwerp fan it nije provinsjehûs oan de Twibaksmerk yn Ljouwert. Se ha it ûntwerp tongersdei sjoen.

De grutte wynturbines, boppe op de 40 meter hege toer, foelen lykwols net goed. Ek op in tal oare punten wol Hûs_en_Hiem noch oanpassings. De Ljouwerter riedskommisje moat moandei te set oer de bou-oanfraach fan it provinsjehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)