Houten krús op strân Amelân fûn

05 jan 2007 - 14:22
Foto: Omrop Fryslân

Op it strân fan It Amelân is tongersdei in bysûnder houten krús fûn. It is noch ûndúdlik wêr't it weikomt. Dirk Visser fan Hollum die de fynst. Hy fynt geregeld bysûndere saken op it strân. In jier lyn fûn er in byld en in fuotballerke.

It houten krús lei op de hichte fan Peal 8. Neffens de finer is it makke fan roazehout.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)