Nedersaksys:gjin hegere status

It Nedersaksysk komt net yn 'e beneaming foar in hegere status yn it Hânfêst foar Minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Dat skriuwt minister Spies fan ynlânske saken yn in brief oan de Twadde Keamer.
Om it Nedersaksysk better te beskermjen en mear plak op skoalle te jaan soene wetten feroare wurde moatte. Ek soe in hegere status it ryk tefolle jild kostje, sa skriuwt Spies. Ferskate regionale oerheden, wêrûnder de Stellingwerven, trune al sûnt 2009 by it ryk oan op in hegere status foar it Nedersaksysk.
Dy lobby, dêr't ek de Stellingwarver Schrieversronte aktyf oan mei die, hat gjin fertuten dien. De Twadde Keamer sil noch wol te set oer it brief fan de minister. Ferskate keamerleden fan it CDA sprutsen harren earder út foar in hegere status fan it Nedersaksysk.