Heldoorn: 'Dales is benaud'

Boargemaster Heldoorn fan de gemeente Opsterlân fynt dat syn kollega Dales fan Ljouwert net te benaud wêze moat foar de konkurrinsjeposysje fan Ljouwert. Dales fynt dat oare gemeenten Ljouwert erkenne moatte as haadstêd en helpe moatte de sintrumposysje te fersterkjen.
Neffens Heldoorn hat Dales allinnich lêst fan trije grutte gemeenten. De plattelâns-gemeenten ha wurk en bedriuwen nedich om leefber te bliuwen.