Man Gersleat pakt mei wapen

Oanhâlden © Omrop Fryslân
In 33-jierrige ynwenner fan Gersleat is woansdei op It Fean oppakt op fertinking fan ferbean wapenbesit. De man die ferfelend by de oanhâlding fan in oare fertochte.
Doe't er letter oanhâlden wurde koe en fûllearre waard, kaam de plysje in slachwapen en in tal patroanen tsjin. It guod is yn beslach naam en tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.