Gearwurking útgeanslibben Balk

04 jan 2007 - 19:58

De gemeente Gaasterlân-Sleat, de plysje, it iepenbier ministearje en de Keninklike_Hoareka_Nederlân sille mear gearwurkje om it útgeanslibben yn Balk better en feiliger te meitsjen.

De ferskate partijen sille sjen op hokker wize de gearwurking foarm krije kin en hoe't dat útfierd wurde moat. Dêrby falt te tinken oan maatregels op it mêd fan tafersjoch, húsregels foar ûndernimmers, foarsjennings yn iepenbiere romtes en de ferljochting.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)