Babbeltrúks en ynslûpings

Plysje © Omrop Fryslân
De plysje warskôget foar babbeltrúks en ynslûpings troch sigeunerachtige types. Dy binne op it stuit aktyf yn Fryslân. De manlju en froulju sprekke minsken yn min Ingelsk oan en hingje se sieraden om. Dêrby slagget it har de eigen sieraden fan de minsken ôf te nimmen.
Se belje ek oan en wylst de bewenner oan 'e praat hâlden wurdt helje oaren fia de achterdoar guod út it hûs. De plysje warskôget minsken skerp te wêzen op dizze praktiken en freget ek om tips.