Tsientallen gûlers oanspield

04 jan 2007 - 11:50

By Seehûnekres_Pieterburen binne de ôfrûne dagen wer tsientallen seehûnepups, de saneamde gûlers, binnenhelle. Der binne no 79 lytse seehûnen ûnderbrocht yn Pieterburen.

Sûnt Nijjiersdei wurde jonge seehûntsjes ynbrocht yn it opfangsintrum. Se binne de dupe fan 'e stoarm en de hege wetterstân. De jonkjes spielden fan 'e sânbanken ôf en rekken de memmeseehûn kwyt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)