'Kâns op Alvestêdetocht lytser'

04 jan 2007 - 10:39

De kâns op in Alvestêdetocht wurdt hieltyd lytser, skriuwt it KNMI op de eigen ynternetside. Oarsaak dêrfan binne de mylde winters. Mar in tocht bliuwt noch wol mooglik.

It ynstitút hat berekkene dat de Tocht yn dizze ieu yn it geunstichste gefal tsien kear ferriden wurde kin. Der wurdt fan útgien dat de temperatuer yn dy tiid oer de hiele wrâld mei heechút seis graden tanimt. Tsien jier ferlyn wie de lêste Alvestêdetocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)