Bungelowpark by Stiens

© Omrop Fryslân
Der komt mooglik in bungalowpark oan de eastkant fan Stiens. Fanút de merk en in grûneigner is dêr wol ferlet fan. Dat seit boargemaster Ter_Keurs fan Ljouwerteradiel.
It bungalowpark en in nije jachthaven moatte by Doniastate komme. Dat slút oan op Aldlân 2, de nijste útwreidingswyk fan Stiens. Mear rekreaasje past dêr goed, sa fynt Ter_Keurs dy't mear op toerisme ynsette wol.