Oarsaak Kota-Radjabrân bekend

De brân by Sinees restaurant Kota_Radja yn Ljouwert yn de nacht fan Ald en Nij is net feroarsake troch in fjoerpylk of in kears. De flammesee hat in technyske oarsaak. Dat hat de plysje befestige. De gemeente Ljouwert sil de tadracht fan de brân tongersdei fierder taljochtsje.
De brân op it Grut_Schavernek yn it sintrum fan Ljouwert soarge foar in miljoeneskea. Omlizzende gebouwen hiene grutte skea.