Groenendaal wint Centrumcross

Cyclocrosser Richard_Groenendaal út Sint_Michielsgestel hat woansdei de Centrumcross yn Surhústerfean wûn. Gerben_de_Knegt waard twadde. Wrâldkampioen Erwin_Vervecken út België pakte it tredde plak.
Foar de 36-jierrige Groenendaal is it al de tredde oerwinning op rige yn Surhústerfean. Mar it is pas syn earste sege fan dit seizoen. De Centrumcross waard dit jier foar de trettjinde kear ferriden.