Deputearre foar ekonomyske saken

© Omrop Fryslân
Fryslân moat in deputearre krije foar ekonomyske saken. It ekonomyske belied falt no ûnder fjouwer deputearren en dat is net goed, fynt boargemaster Brok fan Snits. It is min foar it bedriuwslibben, oare oerheden en de ûntjouwing fan it toerisme.
De feroaring soe yngean moatte nei de Steateferkiezings fan maart. De nije deputearre soe derfoar soargje moatte dat de twa ekonomyske sônes mear gearwurkje.