Mishanneling op 'e Westerein

03 jan 2007 - 11:54

Op 'e Westerein is tiisdeitemoarn betiid in 40-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan mishanneling fan in 26-jierrige frou út Hurdegaryp.

By in rûzje yn in hoarekagelegenheid oan de Suder_Stasjonsstrjitte joech de man de frou in triuw. Se foel dêrby mei de holle op in byls en moast foar behanneling nei it sikehûs. De Ljouwerter sit fêst op it plysjeburo foar ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)