Guozzen dea troch wjerljocht

Yn it Lauwersmargebiet binne Nijjiersnacht njoggen guozzen troffen troch it wjerljocht. Se leine yn in grut gebiet om it doarp Lauwerseach hinne. Acht guozzen wiene dea, ien is mei ferwûnings nei de Fûgelpits yn Moddergat brocht. De guozzen wiene op de rêch en oan de hals ferbaarnd.
Yn de nacht fan 1 jannewaris binne swiere tongerbuien oer Fryslân gien. Op it heden sitte der tûzenen guozzen yn it Lauwersmargebiet.