Plysje is gegevens oanjefte kwyt

© Omrop Fryslân
De plysje freget in man dy't dit wykein melding dien hat fan agressyf ferkearsgedrach. De man moat him opnij melde, want de plysje is syn gegevens kwytrekke.
De man ried mei syn húshâlding fan It Hearrenfean nei Ljouwert. Hy hie lêst fan in bumperklever, dy't him letter by de stopljochten fan Goutum ek noch ôfsnijde. De man melde him yn Goutum by it plysjeburo, mar syn gegevens binne kwytrekke.