Koegelwieck út de feart

03 jan 2007 - 06:28

Fanwege ûnderhâldswurk fart de Koegelwieck in grut diel fan de moanne net tusken Harns en de eilannen Flylân en Skylge. It wurk begjint nije wike tiisdei en duorret oant en mei woansdei 24 jannewaris.

Yn dy perioade binne der wol ekstra ôffearten fan de gewoane boaten. Ynformaasje dêroer is te finen op 'e webside fan Rederij_Doeksen en op teletekst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)