Wiet trajekt cross Surhústerfean

© Omrop Fryslân
It parkoers fan de sintrumcross yn Surhústerfean liket dreech te wurden troch it minne waar. De cross troch it sintrum fan Surhústerfean fynt woansdei foar de trettjinde kear plak.
It is de organisaasje wer slagge om in tal wrâldtoppers te kontraktearjen. Sa komt de Belgyske wrâldkampioen Erwin_Vervecken nei Surhústerfean en ek de Nederlânske toppers Richard_Groenendaal en Gerben_de_Knegt sille oan de start ferskine.