Mear alternative Haltstraffen

It Haltburo jout dizze dagen folle mear jongeren dy't in oertreding mei fjoerwurk makke hawwe in alternative straf as ferline jier. Doe waarden noch fyftich jongeren oanmeld, dit jier binne dat al 85. De measten fan harren moatte as alternative straf gemeentepersoniel helpe by it skjinfeien fan strjitten.
Neffens it Haltburo helpt de straf wol. It binne alle_jierren wer nije jongeren dy't oanmeld wurde.