Slingerjend oer de A7

© Omrop Fryslân
Op de A7 by It_Hearrenfean is op Nijjiersdei in automobilist (46) út Amsterdam oanhâlden foar riden mei te folle medisinen of drugs op. Hy riedt slingerjend en syn remljochten giene ôfwikseljend oan en út.
By kontrôle sei de Amsterdammer sei dat er mooglik tefolle medisinen brûkt hie. Op it plysjeburo is him in bloedproef ôfnaam. Hy krige tolve oeren rydferbod, in prosesferbaal en moast syn rydbewiis ynleverje.