Krystbeam yn 'e brân yn wente

02 jan 2007 - 11:14

Yn Menaam is op Nijjiersdei in krystbeam yn de brân flein. De bewenner fan it hûs oan it Skilpaad hie der echte kearskes yn dien. Doe't it fjoer fan de kearskes nei de beam oerfleach, koe de bewenners it sels net mear útkrije.

De brânwacht en de plysje moasten der úteinliks oan te pas komme. De wenkeamer hie in soad wetter- en roetskea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)