Ynstoartingsgefaar Kota Radja

02 jan 2007 - 11:02

It Schavernek yn Ljouwert bliuwt dizze wike noch ôfset. Al it ferkear fan it Ruterskertier nei de Nijstêd wurdt omlaat. De ôfsetting hat te krijen mei de grutte brân by Sineesk restaurant Kota_Radja yn de âldjiersnacht. Der driget ynstoartingsgefaar fan it gebou.

Om't de oarsaak fan de brân noch net dúdlik is, docht de plysje wiidweidich ûndersyk. Dêrnei moat de fersekering tastimming jaan foar de sloop. De gevel wurdt foar it wykein delhelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)