De Friesland: ferlies yn 2006

Soarchfersekerder De_Friesland hat oer 2006 in licht ferlies makke, mar de ynfiering fan it nije soarchstelsel is wol in súkses. Dat sei foarsitter Feenstra op syn nijjierstaspraak. Oare fersekerders hawwe it finansjeel dreger en De_Friesland hat oan it nije stelsel in soad klanten oerhâlden.
De_Friesland wie ien fan de goedkeapsten, mar troch ferheging fan de preemje sitte se no yn de middenmoat.