Wymbrits wol dúdlikens oer fúzje

© Omrop Fryslân
De gemeente Wymbritseradiel wol fan al har ynwenners witte oft se foar of tsjin in fúzje binne mei oare gemeenten. Yn febrewaris binne der in tsiental gearkomsten dêr't dy fraach oan de boargers foarlein wurdt. Doel is om no ris in dúdlik antwurd te krijen.
Hieltyd wer loeget de diskusje oer in mooglike fúzje op, wylst de gemeenteried en ek it kolleezje selsstannich bliuwe wol.