Wykgebou yn 'e brân stutsen

01 jan 2007 - 16:37

De plysje ûndersiket de brân yn in wykgebou yn Ljouwert. Dat wie oan de Salamonssegel yn de wyk Aldlân. Ien fan de behearders seach dat it gebou yn 'e brân stie en warskôge de brânwacht. Oan 'e achterkant fan it gebou wie brân stichte.

De brânwacht koe net tefoaren komme dat it gebou in soad skea hie. Trije omstanners binne nei it sikehûs rekke. Se hiene reek ynaseme doe't se besochten it fjoer út te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)