Swierferwûnen troch fjoerwurk

© Omrop Fryslân
Yn Seisbierrum is op Aldjiersdei in man swierferwûne rekke troch fjoerwurk. Yn syn hân wie in flinterbom ûntploft. De man is mei slimme ferwûnings nei it sikehûs brocht.
Ek yn Drachten rekke in man swierferwûne troch fjoerwurk. Hy stuts in swier stik fjoerwurk ôf en koe net op 'e tiid fuortkomme. De klap rekke him yn it gesicht. De man is oerbrocht nei it UMC yn Grins.