Konifear yn 'e brân op 'e Jouwer

© Omrop Fryslân
Op 'e Jouwer hat Aldjiersdei in konifearehage yn de brân stien. Dat wie by in wente oan de Johan Willen Frisostraat. Omwenners wiene al begûn mei amers wetter de brân út te meitsjen, doe't de brânwacht kaam. Nei alle gedachten is it fjoer ûntstien troch fjoerwurk.
Yn Noardwâlde is in jonge (17) oppakt om't er lawinepylken by him hie. De plysje seach him fytsen mei in tas fol grutte fjoerpylken.