Drok by de Fryske sikehûzen

De sikehûzen yn Fryslân hawwe it Aldjiersnacht drok hân mei it behanneljen fan fjoerwurkslachtoffers. By it MCL yn Ljouwert melden fyftjin minsken har. Seis wiene der sa slim oan ta dat se opnaam wurde moasten.
De sikehûzen yn Snits, Dokkum en op It Hearrenfean moasten elk seis minsken helpe, meast mei lichte ferwûnings. Yn Drachten waarden fiif minsken behannele, dy't slimmere ferwûnings oan de hannen hienen.