Twa ynbraken yn Ljouwert

31 des 2006 - 14:45

Yn Ljouwert is sneontejûn ynbrutsen yn in wenning oan de Skûlenboarch. De ynbrekkers kamen binnen troch it forsearjen fan de achterdoar. Der binne ûnder oare in laptop, bankpapieren en sieraden stellen.

Sneintemoarn betiid is der ynbrutsen yn in skoalle oan de Curaçaostrjitte, ek yn Ljouwert. De ynbrekkers kamen binnen nei it ynslaan of ynsmiten fan in rút. Ut de skoalle waard in kompjûterskerm meinaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)