Scooterrider ferwûne by botsing

© Omrop Fryslân
In auto en in scooter binne sneontejûn mei inoar yn botsing kaam yn Ljouwert. De 35-jierrige scooterrider út Ljouwert rekke dêrby ferwûne. De automobilist, ek in Ljouwerter (22) ried tsjin it ferkear yn oer de Eikenstrjitte nei de Archipelwei.
De scooterrider kaam oer de Archipelwei oanriden. Hy kaam yn botsing mei de auto. Hy is mei brutsen ribben en skouder oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.