Ynbraak yn Noardburgum
De plysje docht ûndersyk nei in ynbraak yn wenning oan de Veldmanswei yn Noardburgum. De ynbraak hat sneon tusken 15.00 en 20.00 plakfûn. Doe't de bewenners fuort wiene, binne de ynbrekkers binnen kaam troch in rút te forsearjen.
Ut de wenning is ûnder oare in kompjûter stellen. In 33-jierrige man út Tytsjerk hat oanjefte dien.