Wer Geitefok-stunt mislearre

De plysje Flevolân hat sneon trettjin manlju fan de Geitefok fan Aldeberkeap oppakt om't se besochten de maskotte fan pretpark Walibi_World yn Biddinghuzen te stellen. De manlju hiene de kangoeroe al op in karre laden, mar koene net fuortkomme.
Earder dizze wike binne de manlju út Aldeberkeap ek al oppakt, doe om't se besochten it brûnzen stânbyld fan Bonfire te stellen út it Brabânske Erp.