Lykspul foar SC Hearrenfean
SC Hearrenfean helle sneontejûn in teloarstellend lykspul tsjin FC Utrecht. It bleau 0-0. De Feansters makken tsjin in behâldend Utrecht wol de measte oanspraak op in oerwinning, mar de ploech fan Gertjan Verbeek spile yn in te leech tempo en wie net agressyf genôch.
SC Hearrenfean giet no de winterstop yn as sechsde mei 33 punten út 20 wedstriden.